De volgende Friese kerkdienst is op zondag 18 april 2021 om 16.00 uur in de Bethelkerk.
Fryske tsjerketsjinst yn Amsterdam-Noard
Op snein 8 maart 2020 is om 16.00 oere in Fryske tsjerketsjinst yn'e Betheltsjerke Plejadenplein 44, 1033 VL Amsterdam. Sjoch: www.bethelkerkamsterdam.nl
It tema is: Boarne fan Frijheid.
Dizze dei, 8 maart, falt gear mei de Ynternasjonale Frouendei mei it tema: Frijheid. It soe fansels wêze moatte, dat froulju frij binne en yn harren yndividuele rjochten respekteare wurde.
Inkele foarbylden fan dizze striid foar it eigen foech út 'e Bibel en út 'e Fryske skiednis komme lâns.
Dizze snein, de twadde fan 'e 40 dagen foar Peaske, giet oer it locht dat samar efkes oer ús strielje kin.
Foargonger is ds Trinus H.Hibma Kantor-oargeliste is mefrou Marja van der Ploeg – Hofstra mei stipe fan de Bethelkantorij.
As gastkoar sjongt ek de Krite-kantorij út Bodegraven.
Nei de tiid kofje / tee mei koeke. Jo binne tige wolkom!
Yn'e kofjeseal lizze altyd Fryske boeken, dy't jo meinimme kinne foar in euro. As jo wolle, kinne jo sels boeken meinimme en op'e tafel lizze. Dan hawwe wy wer foarrie en kinne jo in oar deugd dwaan. Jo kinne sa fansels ek roalje.
Bezoek Nijkleaster in Jorwerd
|
|